info

16-11-2019

Toanielferiening De Twa Doarpen - Nijs en Oprop.

Dossier: De twa doarpen

Yn maart 2020 spylje wy wer in prachtich stik. Op dit stuit binne de útfieringsjûnen pland op:

  • Freed  6 mrt
  • Tiisdei 10 mrt (Soos) (geanuleerd)
  • Freed  13 mrt
  • Sneon 14 mrt

D’Herbergh is slúten sa as eltsenien wit, dus moasten wy op syk nei in nije lokaasje. En wy binne slagge. Wy spylje no by Marcel Ponne oan de Tjongervallei yn de loads. Hiel wat oars, mar wy hawwe der nocht oan.

Ús dekorminsken (Johan Post en Jaap Groenland) kinne dan wol wat help brûke. As der noch frijwilligers binne, graach!!

Oefenje dogge wy earst by de Geele Bosch.  It stik wat wy spylje en fierdere ynformaasje komme wol wer op de websides, yn De Brêge en yn De Raaptepper.

Dan ús plannen om in iepenloftstik te spyljen.

Wy tochten dat yn 2020 te dwaan, mar dat is in jier opskoot nei 2021. Wy binnen yn petear mei in skriuwer en dat giet de goede kant op.

Hjirfoar hawwe wy in soad frijwilligers nedich.

  • Minsken die us helpe wolle om dit slagje te litten.
  • Minsken yn it bestjoer fan de Stichting Herman de Streuper.
  • Ponghâlder – skriuwer – benaderjen fan fûndsen ensfh.
  • Minsken foar de catering, dekorbouw, klaaiing. In hiel soad minsken!!
 
Sa as jim al lêze, kinne wy, De Twa Doarpen en it Stichtingsbestjoer, dit net allinnich en wurdt der in berop dien op de ynwenners fan Ketlik/Mildam.

Dus meld jim oan.

Dat kin by: Bestjoer De Twa Doarpen en Moniek Bergsma foarsitter fan it Stichtingsbestjoer. Ek binne wy opsyk nei nije spilers en dan benammen MANLJU. It wurdt krap foar ús útfierings mar ek foar it iepenloftspul. Dus meld jim oan.

 
Melde kin by:

Jaap-Tjeerd Heida       06-21842370
Ymmie van Veen         06-37291009
Hennie van der Zee    06-22588400
Greet Brouwer            06-15893375
 Reageer >>