info

12-8-2018

Jos Boelhouwer út Ketlik op Dimter boekemerk


                                                                       Jubileumedysje Dimter boekemerk yn gleie sinne

Eigner Jos Boelhouwer fan útjouwerij Le Chat Mort út Ketlik slacht noait in jier fan de Dimter Boekemerk oer. Hy is de grutste útjouwer fan Frysktalige stripboeken, fertelt er optein. Wakker grutsk is er op de Obe Postmapriis dy’t syn oersetters Harke Bremer en Jarich Hoekstra krigen foar oersettings fan Bommelferhalen. Yn syn kream lizze Fryske ferzjes fan Bommel, Erik de Noarman, Asterix & Obeliks en Suske & Wiske. Dy ferkeapje ornaris bêst, sa fernijt Boelhouwer. Fan de beide lêste rigen doart er wol oplagen fan 5.000 oant 10.000 eksimplaren oan. Ornaris rekket er dy flot kwyt, allinnich de lêste jefte fan Suske & Wiske, De Boartlike Boarre, koe er oan de strietstiennen noch net slite. Hy kin dêr mar net by. Want wat is no it ferskil mei dy oare útjeften dy’t as swiete broadsjes de doar út giene? Yn alle gefallen ynearsten mar efkes tuike-oan mei nije útjeften.

Tsientûzenen besikers lutsen harren neat oan fan de gleie sinne en teagen hjoed nei de 30ste edysje fan de Dimter Boekemerk.

Mei mear as 850 diskes, allegearre tropfol mei boeken, dy’t oer in lingte fan goed seis kilometer troch de Dimter strjitten bochtsje, is dit de grutste boekemerk fan Europa.

© Foto’s It Nijs


 bron:https://www.facebook.com/itnijs/posts/2022859431079489
         https://www.itnijs.frl/2018/08/jubileumedysje-dimter-boekemerk-yn-gleie-sinne
 Reageer >>