info

Raaptepper Winter 2002

It tsjerkje fen âld Ketlyk

gedicht
Yn it lytse doarp Ald-Ketlik,
Tichte by 't Oranjewâld,
Binne folle dingen oerbleaun
Út 't forline, ieuwen âld.

Tink mar oan de Biskopsleane,
Hwerom hjit dot welke an? (?)
Dat is ek de moeite wirdich,
Dèroer sil 'k it letter ha.

Yn Ald-Ketlik stiet in tsjerke,
Troch syn ienfâld krekt sa moai -
ien mei 't jinge hwet dèr libbet:
Minsken, lân en bennimetoni. (?)

Ald en griis en dimmen steatlik,
Troch it nije hwat bidoarn,
Mar net altyd whet bisûndere,
ketlik, seachsto 'r dat wol oan?

Somtiids stapt in iensum reis'ger
Op dit sté ris efkes ou,
Slucht mei earbied nei jimm' tsjerke,
Ald en skier forwear en grou

't Alde tsjerke ropt yn tinken
Folle moais út lang forlyn,
Alde tiid fen trou en wierens
Tsjinoer nou, de tiid fon skyn.

kreft sprekt út syn drege foarmen
Fen syn mûrwirk, grou en stoer,
Sjocht ieuwen fan 't forline,
Hèf en sark en geaun oer. (?)

Lit soarchfâldich ús biwarje
't Bytsje hwet ús yette rêst;
Hwet de foariner oan ús nei lit, (?)
Ha it ljeaf en hâld it fèst.

Doarmij yn tinken yn 't forline,
't Jowt in iek sa moai en swiet,
Det it klettergoud fen 't hjoedeisk
Fakon fier to boppen giet. (?)

Drege, dim'ne âlde tsjerke,
Bliuw noch jierren steech en stoer,
Skyn en wyn stouwt ringen hinne,
Trou en wierens bliuwe oer

G. BURGIJ

 (?) => dreech te lêzen, sjogge jo it al?
 Reageer >>