Frijheid sprek je ôf!
Frijheid is kostber, kwetsber en net fanselssprekkend.Dit besef je faaks pas, as de frijheid er net meer is, sa as tiidens de twadde wraldoarloch, wer 't miljoenen minsken ferfolge, deasketten of fergast wurden, omdat jo jood, homo of oarstinkend wiene.Hjoed betinke wy hjirre alle minsken dy stoarn binne yn de oarloch, stoarn yn de striid foar ûs frijheid.
San 10 jier 'lyn bin ik mei myn heit op reis west lâns de geallieerde kust: Normandië, Bretagne.Wy hawwe ek alle hôven besocht wer tûzenden, tûzenden jonge soldaten lizze, stoarn foar ûs frijheid.
Dan beseffe jo dat er foar eltse befjochten meter 'n minskelibben stoarn is, foar jo en myn libben in frijheid.
Ik bin berne en grut wurden hjir yn Ketlik........ Myn heit en mem kamen hjir nei de oarloch op de pleats fan Douwe Trinks. It is bysûnder om jimme no ta te sprekken op dizze 4 maaije.Faak wie ik te boartsjen mei Folkert Visser yn it Skar en it Skarbosk. Te hutten bouwen en letter faaks te draven......... Altiid makke it boardsje yn it Skar yndruk:
In 1944 werden door de geallieerden in het weiland hierachter 4 x wapens gedropt !!
Wy fantasearden dan hoe dat gongen wie en hoe ' t wy dizze minsken wurdearje moatte foar wat sy foar ús dien hawwe.
Harren eigen libben en gesinnen yn de waagskeal brocht foar de frijheid.Jelle Boersma ( de heit fan Frits), boer oan de rânne fan it Skar is derfoar oppakt, omdat de Dútsers parachutes founen under 't strie. Jelle Boersma wurde opslúten yn Crackstate.Op 15 maart 1945 foelen by een konfrontatie tusken 'n fersetsgroep en de Deutsche Wasserschutzpolizei by Doniaga 2 deaden. Dernei wurden 10 gefangenen út Crackstate helle en fusilleert. Ien fan dizzen wie Jelle Boersma. Syn famylje is hjir hjoed under ús.
Twa oare oarlochslachtoffers binne de spoarweistakers Sjoerd Stoker en René Bol. Sy sieten ûnderdûkt by Reitze Hoekstra oan de Breedsingel. Mooglik troch ferried fan een NSB-er út Wolvegea waren sy oppakt op 19 novimber 1944 en yn Crackstate brocht. Troch sabotaazje fan de ûndergrûnske by Stobbegat op in trein namen de Dútsers wraak troch Sjoerd en René te fusilleren op it plak fan de sabotaazje. Sy binne doe op dit tsjerkhôf yn Ketlik begroeven.Jan Hoekstra soarchet noch elts jier dat harren foto's op it grêf steane.
Troch dizze persoanlike ferhalen libbet de striid yn de oarloch en it grutte besef fan de wearde fan frijheid yn us troch.
It fjoer fan de frijheid kaam op de befrijdingsdei.
En wy halde de betinking en dat fjoer libbend, elts jier op e nij.
Foar frijheid binne gjin regels en wetten.
De frijheid sit yn jesels.
Frijheid sit yn elkoar.
Frijheid is dwaen wat jo wolle, sels beslisse en jo eigen miening jaan.
Frede en Frijheid is foar ús allegeare en wy hawwe elkoar derfoar nedich.
Derom: meitsje ôfspraken mei elkoar oer frijheid, want de frede en de frijheid wolle wy nea wer kwyt, en dat is hiel wichtich, net elkoar feroardiele: fertrouen yn elkoar hawwe en it oerlis hantjerje yn plak fan wapens.
De oarloch is foar ús ferliene tiid, mar sjoch om ús hinne yn de wrâld: Tunesië, Syrië, Ivoorkust, Libië.
Gruwelike beelden van oarlogen, mar ek dêr binne minsken, dy festberieden harren ynsette foar frede en frijheid foar eltsenien.Foar frede yn de wrâld hawwe wy noch een lange wei te gean.
Wy betinke hjoed de deaden. Deasketten, fergast, fermoarde troch bliene haat.
Ik bin een bern fan nei de oarloch.
Ik stean stil.
Foar frijheid, frede en freonskip.
Lutz Jacobi