info

Raaptepper Lente 2020

Lutske Visser

De einekuorren fan Lutske Visser op de wintermerke

Dossier: De Raaptepper

Wat in tafal. Der is my frege wat oer einekourren te skriuwen. En lit 2020 no it jier fan de wylde ein wêze. Yn 2020 is der ekstra oandacht foar de wylde ein (dat is de ein sa as wy dy kenne) omdat der hieltyd minder einen komme. De oarsaken derfoar binne waarskynlyk ferskaat : predatoren, nêstmooglikheden, fretten ,de libbensomjouwing oant it ferkear? Sis it mar. Wol blykt dat der net sprake is fan mear stjerte ûnder de folwoeksen fûgels en ek net fan ôfname fan nêstsukses. Mar oer de oerlibbing fan de pykjes witte we noch te min.

Yn 2020 sil Sovon en Vogelbescherming Nederland har ynsette om de oarsaken yn kaart te bringenOm bestean bliuwe te kinnen moat der fan elk lechsel fan in jerke en in ein (mantsje en wyfke) minstens twa pykjes grut wurde. Sadat dy ek wer foar neigeslacht soargje kinne. Dat is ien fan de reden dat ik einekuorren flechtsje.

Ik bin Lutske Visser en berne yn Ketlik op de Bisschopleane neist de eardere skoalle. En wenje no yn Aldskoat. Ik kom noch wol gauris yn Ketlik. En de lêste jierren stean ik mei myn sus Baukje op de wintermerke mei de einekuorren.
Om it ambacht fan it flechtsjen fan einekuorren te promoaten. Want it moat allegear mei de hân flechte wurde. En as we dit net aktyf dwaan bliuwe ferdwynt it ambacht. En we fine itdêrneist fansels ek elk jier wer moai allegear bekenden tsjin te kommen op de wintermerke.

Yn 2012 is der in feriening oprjochte om it ambacht fan einekoerflechtsjen yn stân te hâlden. Mei de namme De Strampel. In strampel is in trijepoat fan stokken wêr ’t de einekoer dan op fêstmakke is. De strampel stiet yn it wetter. In einekoer kin oars ek likegoed yn in beam ophong wurde. De pykjes falle dan út it nêst op de grûn. Dat giet hiel goed want se komme net hurd del. Har dûnsfearkes wurkje nl. as parasjútsjes. De einekuorren kinne fanôf healwei febrewaris nei bûten. En heal juny as it briedseizoen ôfrûn is wer nei binnen. Sa kinne de kuorren wat langer mei.

Wolst ek in einekoer? Nim dan kontakt op mei my fia:
 Reageer >>