Wolter Enkelaar, in amtner, hiert yn'e fakânsje mei frou en dochter in keamer yn in pensjon. Wolter hat lykwols hiel wat oars yn't sin as noflik fakânsjehâlde. Syn pake en beppe ha jierren ferlyn yn ditselde hús wenne. Pake soe yn de twadde wrâldkriich in fertún oan gouden tientsjes ûnder de flier bedobbe ha om se út hannen fan de besetter te hâlden. It hús rekke troch de oarloch slim ferwoaste, it waard ferkocht en letter wer opboud. Nimmen hat ea wer om dy tientsjes tocht.... Sa hat Wolter it fan syn heit heard en no is er perfoarst fan doel om dy skat yn hannen te krijen. As it moat is er ree om de hiele flier út it hûs te brekken. Mar dat giet samar net....
In stik fan Hans van Wijngaarden, fryske oersetting Gerrit Tasma
Rolferdieling
Mefrou Stam | Minke Bouwstra | |
Hâns, har soan | Arjen van der Krieke | |
Wolter Enkelaar, gast | Jelte de Jong | |
Anke, syn frou | Marian Veldman | |
Nynke, harren dochter | Minny Kramer | |
Mevr. De Jager, gast | Greet Brouwer | |
Bram de Wilde, gast | Jaap Tjeerd Heida | |
Regie: | Harm Veenema |
Lokaasje: Dorpshuis van Bontebok “De Bokkesprong”
Extra jûn *** Sneon 2 maart om 20:00 ***
Freed 8 maart om 20.00 oere
Sneon 9 maart om 20.00 oere
Snein 10 maart om 15.00 oere
Yntree € 10,- inkl Bakje Kofje
Kaarten allinnich yn it foar te bestellen by Minke Bouwstra
Til. 06 12289672 tusken 17.00-19.00 oere