info

14-2-2026

De Twa Doarpen Spilet: "Bertus en Brochje"

Bertus, frijfeint en breklik, wennet op himsels. Al rekket syn wenkeamer sa stadichoan aaifol mei allerhanne rotsoai, hy fielt him der noflik by.

Syn maat Rein mient dat er de boel wat yn ’e gaten hâlde moat, mar folle helpt it net. As buorfrou Maria, troud mei Magdalena, de gemeente ynljochtet oer de rotsoai by Bertus, stjoert dy in maatskiplik wurkster dy’t besykje moat de boel by Bertus wer wat op regel te krijen.

As Saakje, Bertus syn suster, nei tweintich jier út Dútslân wei op besite komt mei har ûnderdienige man Nelis en dan ek noch ien en al each is foar it âld skilderij wat by Bertus oan ’e muorre hinget, wurdt Bertus syn rêst grouwélich fersteurd. Hoe’t dit allegear ôfrint kinne jim sjen op de útfieringsjûnen fan De Twa Doarpen.

 

Rolferdieling

Bertus Jelte de Jong
Rein syn maat Wieberen van der Tuin
Maria, buorfrou Greet Brouwer
Magdalena, buorfrou Minke Bouwstra of Hennie van der Zee
Saakje, suster fan Bertus Marian Veldman
Nelis, har man Jaap Tjeerd Heida
Fien, maatskiplik wurkster Ymmie van Veen


Jim kinne it meimeitsje op

Sneon 7 maart om 20.00 oere
Snein 8 maart om 15.00 oere
Freed 13 maart om 20.00 oere
Sneon 14 maart om 20.00 oere

Lokaasje

Dorpshuis van Bontebok “De Bokkesprong”
Yntree € 10,- Graach kontant betelje, TigeTank!
Kaarten allinnich yn it foar te bestellen by Minke Bouwstra fanôf 24 januari 2026.
Til. 06 12289672 tusken 17.00-19.00 oere

 Reageer >>