Sint Thomaslieden
|

|
Fan 21 desimber ôf oant 1 jannewaris ta wurde de klokken let. It saneamde St. Thomas-lieden of plúslieden, om de geasten te ferjeijen yn it koartst fan'e dagen. Dit âlde gebrûk wurdt noch op twa plakken yn Fryslân yn eare hâlden, yn Ketlik en it fuort by lizzende Aldhoarne. It is no foaral in aardich folksgebrûk. It is de keunst om de twa klokken te lieden yn in ritme dat goed op inoar ôfstimd is. It giet by dat lieden om de s.n. "fjouwerkante slach". De lytse klok komt dêrby yn harmony tusken de slaggen fan de grute klok. De lytse klok moat in fearnsslach nei de grute klok komme.
Fan oarsprong gie it Sint Thomaslieden dei en nacht troch. Tsjintwurdich mei d'r allinne fan moarns 7 ure oant jûns 10 ure let wurde. Trouwens, d'r is in tiid west dat de gemeente it Hjearrenfean it lieden fan de klokken ferbiede woe. Hja helle op in stuit sels de bongels út de klokken. De Ketlikers betochten hieltyd wer wat om toch liede te kinnen. Tsjintwurdich stimulearrit de gemeente it Hjearenfean de tradysje mei in subsydzje.
De jierlikse Sint Thomaslieden - manyfestaasje, wêr betûfte kloklieders, yn tradisjonele klean stutsen, de klokken prachtich op maat klinke litte.
|
In lûdsopname fan de klokken:
|
|